Húsartsepraktyk yn de NHL

Studinten fan 'e Noardlike Hegeskoalle Ljouwert NHL hoege net mear te reizgjen as se sûnensklachten ha. Op de NHL is moandei in húsartsepraktyk iepene. It is de earste hegeskoalle yn it Noarden mei dizze mooglikheid. Foar studinten is it faak in grutte stap om nei de húsdokter te gean en de NHL besiket dit sa makliker te meitsjen.
De praktyk rjochtet him op klachten dy't by jongeren foarkomme. Studinten kinne har on-line melde foar in konsult op in spesjale website.