F-16's smite bommen op Flyhors
Nederlânse F-16's oefenje dizze dagen it ôfsmiten fan bommen mei in eksplosive lading. Dat dogge se boppe de Flyhors op Flylân. It doel is om trettjin bommen fan elts 500 pûn falle te litten.
De oefening duorret oant en mei freed. De Flyhors is salang ôfsletten foar publyk.