Kettingbotsing op A32

Op de ôfrit fan 'e A32 nei Hearrenfean-sintrum hat moandeitemoarn in kettingbotsing west, dêr't trije auto's by belutsen wiene. Twa minsken rekken ferwûne en binne nei it sikehûs brocht. Opmerklik wie dat fuort nei it ûngelok op 'e nij minsken oer de rydbaan rûnen.
Ofrûne freed rekke in frou (51) fan It Hearrenfean swier ferwûne doe't se yn betize tastân de A32 oerstuts. Yn de ôfrûne wiken ha der op It Hearrenfean ferskate lyksoartige ynsidinten west.