Soad folk op Flaeijelfeest

De 34ste edysje fan it Flaeijelfeest yn Ald- en Nijhoarne hat it ôfrûne wykein sa'n 25.000 besikers lutsen. Nettsjinsteande it grutte tal besikers hawwe der gjin ynsidinten west. De organisaasje en de plysje binne der bliid mei.
De organisaasje is benammen goed te sprekken oer it gedrach fan de jongerein. Op sneontejûn kaam der safolle folk, dat de kassa's foartidich ticht moasten.