Willem de Heij pealsitkampioen

26 sep 2010 - 20:38
  • De Heij foel op troch syn Fryske jas en syn sterke taktyk

Willem de Heij fan Aldetrine is snein yn Warns Frysk kampioen pealsitten wurden. De Heij hie fan alle sân dielnimmers it faakst syn skoft - 10 minuten om de 2 oeren - oerslein. Dat levere him safolle bonusminuten op, dat hy foar de konkurrinsje net mear yn te heljen wie. De Heij waard kampioen mei 74 oeren en 20 minuten.

Jonne Verheij fan Harns waard twadde mei 73 oeren en 40 minuten. Douwe Menger fan Balk waard tredde mei 73 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)