Dirk Fabriek Ned. kampioen

Dirk Fabriek (argyffoto)
Dirk Fabriek is snein yn Roden Nederlânsk kampioen gersbaanracen wurden. De âld-Jobbegeaster wûn al syn searjes, mar moast yn de grutte finale genoegen nimme mei in twadde plak. De winst wie doe foar Sjoerd Rozenberg fan Nijeberkeap. Jeffrey Woortman fan Tytsjerk waard tredde yn Roden en twadde yn de einstân fan it iepen NK.
Nei de wedstriden yn Vries, De Jouwer en Stadskanaal stie Jannick de Jong oan de lieding. De Jong ried sneon yn Finlân en die dêrom net mei yn Roden.