Slaanderij by autowaskstrjitte

In 58-jierrige ynwenner fan Warten is sneontemiddei oanhâlden yn Snits oan de Lemmerwei. Doe't er in kaartsje helle om syn auto yn in waskstrjitte te riden, hie in 40-jierrige man út Snits syn eigen auto der foar him ynset. Dêr ûntstie rúzje oer en de Snitser waard troch de man út Warten skopt.
Hy moast mei nei it plysjeburo dêr't proses-ferbaal tsjin de Wartenster opmakke is.