Gerbrandy FNP-listlûker

26 sep 2010 - 14:45
  • Germ Gerbrandy

Germ Gerbrandy fan Gau wurdt listlûker fan de FNP yn de nije Súdwesthoeke. Hy is de ôfrûne wike unanym keazen. Gerbrandy wie de ôfrûne tolve jier wethâlder yn de gemeente Wymbritseradiel. De FNP hat besocht alle parten fan de nije gemeenten goed fertsjinwurdigje te litten. Op 'e earste tweintich plakken stean kandidaten út sechstjin stêden en doarpen út de fiif âlde gemeenten. De measten fan harren hawwe al ûnderfining as riedslid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)