Flyers ferlieze op Thialf

26 sep 2010 - 14:31

De iishockeyers fan A6.NL Flyers fan It Fean ha sneon op eigen iis ferlern fan Zoetermeer. Fia de perioadestannen 0-2, 0-1 en 2-2 waard it 2-5. De Flyers moasten fan begjin ôf it inisjatyf oan de gasten litte, en de pear kânsen dy't se krigen waarden earst yn de tredde perioade ôfmakke.

Freed waard yn Den Haach de earste wedstriid fan de nije bekerkompetysje ek al ferlern mei 6-5. Woansdeitejûn spylje de Flyers thús tsjin Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)