Beverrôt fûn by It Heidenskip

26 sep 2010 - 14:08

By It Heidenskip is ôfrûne woansdei in deade beverrôt fan mear as in meter lang fûn. It bist is oanriden. De fynst is fuortendaliks trochjûn oan Wetterskip Fryslân. Beverrotten grave lykas muskusrotten gongen yn diken. Allinnich binne de gongen fan 'e beverrotten in stik grutter.

Beverrotten wurde komselden sjoen yn Fryslân. De bisten kinne tsien kilo swier wurde en se binne ea fan Amearika nei Europa helle foar de pels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)