Famke mishannele yn borrelbus
In famke út Oerterp is sneontenacht mishannele yn in borrelbus. Dat barde yn de buert fan Easterwâlde. Se hie spul krige mei in man fan 22 jier út Drachten. De man begûn it famke te slaan.
Der waard alarm slein en de plysje koe de man oanhâlde. De man is meinaam nei it plysjeburo.