Hearrenfean jout Roda punt

25 sep 2010 - 22:47
  • Bas Dost: twa goals tsjin Roda

SC Hearrenfean liet him yn it eigen stadion nei in oere troch Roda JC ferkatse. De wedstriid krige in 2-2 einstân. Yn de earste helte wie de thúsploech fierwei de bêste. Twa moaie goals fan Bas Dost, op oanjaan fan Grindheim en Väyrynen, betsjutte 2-0.

Doe't yn it begjin fan de twadde helte in pear bêste kânsen net fersulvere waarden kantele de wedstriid. Nei it útfallen fan Michal Svec soarge Arnaud Sutchuin foar 2-1. De Feansters rekken finaal fan slach en Junker makke de 2-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)