Aris begjint seizoen goed

© Omrop Fryslân
De basketballers fan De Friesland Aris ha de earste kompetysjewedstriid wûn. Yn Ljouwert wûn Aris mei 87-76 fan de finalist fan ferline jier, de Giants út Bergen op Zoom.
It ferskil waard makke yn it twadde kwart, dat Aris mei tsien punten ferskil wûn. Eltse kear as de Giants weromkamen, pakte Aris wer in soad punten. Belangryk oan de Ljouwerter kant wie Mark Sanchez mei 13 punten en alve rebounds.