Lykspul Cambuur yn Den Bosch

Leon Hese
Cambuur hat yn en tsjin Den Bosch mei 3-3 lyk spile. Yn in spektakulêre wedstriid kamen de Ljouwerters al nei 7 minuten achter. Beekmans (penalty) en Türk soargen foar in 2-1 foarsprong. Den Bosch kaam foar it skoft op 2-2 en kaam yn de twadde helte op in 3-2 foarsprong.
Léon Hese makke út in frije traap de 3-3. De goals fan FC Den Bosch waarden alle trije makke troch John Verhoek. It lykspul die rjocht oan de ferhâlding yn it fjild.