Drafbaan tenei 'Victoria Park'

De fernijde drafbaan Victoria Park yn Wolvegea wurdt sneon feestlike iepene. It gebou en de drafbaan binne flink ûnder hannen naam. Doel is in soad publyk en tophynders yn Wolvegea te krijen.
De drafbaan is de lêste tweintich jier twa kear fallyt gien. De nije eigner wol njonken hynstekoersen ek eveneminten, konserten, kongressen en fergaderingen hâlde. By de iepening koerse bekende Nederlanners en trede De 3J's út Volendam op.