Kontakten ZiuZ mei Australië

03 apr 2012 - 12:16

It bedriuw ZiuZ fan De Gordyk wol ek saken dwaan mei de plysje yn Australië. ZiuZ makket al kompjûterprogramma's foar ferskate plysje-organisaasjes. Yn Noardwest-Europa en sûnt koart ek yn Amearika.

Mei de software wurdt berneporno flugger opspoard. De earste kontakten binne der al mei de plysje yn Austraalje. Troch al it ekstra wurk kin it bedriuw groeie fan 23 nei 40 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)