Man slein mei brekizer

In 41-jierrige ynwenner fan Akkrum is freedtenacht oanhâlden yn in hûs oan de Folkert Kuiperstrjitte. Hy soe de bewenner (35) fan dat hûs bedrige en mishannele hawwe. De fertochte wie lulk op him. Hy is it hûs ynkaam mei help fan in brekizer. Yn 'e hûs krige it slachtoffer in klap yn it gesicht en waard er slein mei it brekizer.
De fertochte is meinaam nei it plysjeburo. It slachtoffer hat oanjefte dien.