Deinumer smyt eigen glêzen yn
In 27-jierrige ynwenner út Deinum is yn 'e nacht fan freed op sneon oanhâlden foar fernieling fan 'e ruten fan syn eigen wente oan de Mennerdahof. De plysje krige in melding fan de fernielings en trof neist de stikkene ruten ek in gaos yn it hûs oan.
De bewenner wie ûnder ynfloed fan alkohol en is oerbrocht nei it plysjeburo.