Famke ferwûne by joyriding

25 sep 2010 - 13:24

In 14-jierrich famke fan De Harkema is freedtejûn op 'e Seadwei yn Eastermar ferwûne rekke oan 'e foet. Se siet achterop in brommer by in 12-jierrige doarpsgenoate. De beide famkes kamen op de krusing fan de Mûntsegroppe mei de Seadwei yn botsing mei in auto bestjoerd troch in frou út Eastermar. De brommerrydster hie foarrang jaan moatten oan 'e auto.

De beide famkes hiene de brommmer stikem út 'e garaazje helle. De brommer wie net fersekere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)