De Kast presintearret nije cd

25 sep 2010 - 13:10

Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is freedtejûn it lang ferwachte nije album fan de Fryske groep De Kast presintearre. De groep spile dyselde dei earst op ferskate oare plakken yn Nederlân.

De presintaasje die wat tinken oan it grutte konsert fan de band yn 1997. Dat wie ek yn it Abe Lenstrastadion en dat betsjutte de grutte trochbraak fan de groep. De nije cd hat de tapaslike namme 'Wolkom thús' krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)