Wer útstjoering Boarnsterstim
De lokale omrop fan Boarnsterhim, de Boarnsterstim, kin wer útstjoere. De omrop hie sneon om alve oere gjin eigen nijsútstjoering. Troch in technysk probleem slagge it de omrop net om op 'e stjoerder te kommen.
De Boarnsterstim bringt alle sneons om alve oere in eigen nijsprogramma.