Henk Heising ferstoarn

Henk Heising is tongersdei yn 'e âldens fan 67 jier ferstoarn. Heising wie de ôfrûne tweintich jier ferbûn oan Sportklup Hearrenfean. Hy stie tegearre mei Foppe de Haan oan it begjin fan de profesjonalisearing fan Hearrenfean.
De âld-Ciosdosint wie meast oan it wurk as kondysje- en wersteltrainer. Hy wie ek assistint-trainer fan De Haan. Heising wie al langere tiid siik en is tongersdei yn it MCL yn Ljouwert ferstoarn.