Hierkantoar op It Hearrenfean

Ympresje fan it hierkantoar op It Hearrenfean
Op It Hearrenfean komt it earste kantoar fan Fryslân, dêr't je as bedriuw ek foar in oerke in wurkplak hiere kinne. De inisjatyfnimmer tinkt dat startende ûndernimmers hjir ferlet fan ha, as se op in profesjonele wize mei klanten prate wolle.
Ek kinne bedriuwen maklik in lytse festiging iepenje yn Fryslân, omdat se bygelyks mar ien dei in kantoar hiere. Doel is dat der in nij gebou komt by it Abe Lenstrastadion. Dêr komt romte foar ûngefear 40 wurkplakken.