Undersyk nei Fryske stêden

It sintrum fan Drylts
Takom wike woansdei komme njoggen minsken fan de universiteit fan Tokyo nei Fryslân om ûndersyk te dwaan nei de histoaryske ûntwikkeling fan de Fryske stêden. Dit yn it ramt fan de tariedings op in ynternasjonaal wittenskiplik sympoasium yn Tokyo yn 2012.
Der sil oant 10 oktober ûndersyk dien wurde yn Hylpen, Drylts en Sleat en dêrby sil foaral sjoen wurde nei hoe't de Fryske stêden ûntstien binne oan it wetter.