Sylmiddei foar hartpasjinten

It Antonius-sikehûs yn Snits start freed in nije wize fan revalidaasje troch mei de pasjinten te silen. Yn totaal fjirtjin hartpasjinten hawwe har opjûn foar in sylmiddei op de Snitsermar. It silen moat neffens it sikehûs net sjoen wurde as in ultime proef, mar it is wer ris wat oars yn it totale revalidaasjeprogramma fan in hartpasjint fan seis wike.
As de sylmiddei in sukses wurdt, dan sil besjoen wurde oft der in ferfolch komt.