Nij talint foar Freesonica

De Fryske band De Basis
De Fryske bands Blackbox Red, De Basis en A Liquid Landscape binne de trije nije dielnimmers oan it saneamde bandcoachingsprojekt Freesonica. Dat betsjut dat de bands begelieding krije op it mêd fan marketing, presintaasje en opnametechniken.
Ek wurdt der in tour organisearre foar de bands en meie se optrede op it Eurosonic festival yn jannewaris yn Grins. Bands as Daily Bread en A Silent Express diene earder al ris mei oan Freesonica.