Oanlis Haadstruktuer yn gefaar

De oanlis fan de Ekologyske Haadstruktuer yn Fryslan komt foar in grut part stil te lizzen troch de provinsjale besunigings. Dat seit direkteur Ultsje Hosper fan it Fryske Gea. Yn de jierren njoggentich waard besletten dat alle wichtige natoergebieten yn Nederlân yn 2018 mei elkoar ferbûn wêze moatte.
Dan moat der wol grûn oankocht wurde en dêr wol de provinsje no 5 miljoen euro yn skrasse. Ek moat It Gea it yn 2014 sels mei 2,5 ton minder dwaan.