FK Pealsitten op Omroplive.nl

23 sep 2010 - 19:13

Fan tongersdei 23 septimber oant en mei snein 26 septimber is Omrop Fryslân by it Frysk Kampioenskip Pealsitten yn Warns. Mei spesjale webcams bringt Omrop Fryslân yn in 24-oeren live-registraasje de lange sit yn byld. De Omrop stjoert de live registraasje 24 oeren út op www.omroplive.nl en oerdeis ek op dei-televyzje.

De live-registraasje is oerdeis ynteraktyf. Sjoggers kinne reagearje troch te sms'en of te twitterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)