Twifels oer besunigings

Foar sawol koälysjepartij PvdA as opposysjepartij VVD yn 'e Fryske steaten is it noch ûnwis of Deputearre Steaten de grutte besunigings ek wiermeitsje kinne. De provinsje moat takom jier en de jierren dêrnei mear as 22 miljoen euro besunigje.
De PvdA stiet yn grutte halen achter de kar fan Deputearre Steaten, mar sjocht ek dat de besunigings foar de jierren nei 2011 noch net dúdlik yn byld binne. De VVD twifelet ek oan it oandiel foar 2011.