Praktyk Van der Tholen oernaam

© Omrop Fryslân
Minsken út Aldegea Sm. en omkriten kinne fan freedtemiddei fiif oere ôf wer terjochte by de húsdokterspraktyk yn it doarp. Apoteker Jouke de Jong út Drachten nimt de praktyk oer fan dokter Van der Tholen. Dy mei net mear syn praktyk útoefenje, omdat er him lange tiid net oan 'e regels hâlde.
De apoteker is op syk nei húsdokters om yn 'e praktyk te wurkjen. De praktyk yn Aldegea is sûnt ôfrûne moandei ticht. De dokterswacht is fan freed ôf ek wer yn te skeakeljen.