Sylsters stean der min foar

23 sep 2010 - 16:30

Sylster Brechtje van der Werf stiet der mei de Nederlânske matchraceploech min foar op it wrâldkampioenskip. Nei tsien races yn harren pûl hawwe de froulju seis ferlern en fjouwer wûn. Allinnich fia de herkânsing kinne de kwartfinales noch helle wurde.

De tsjinfallende prestaasjes fan de nûmer ien op de wrâldranglist hawwe ûnder oaren te krijen mei de gruttere boat dêr't mei syld wurdt, de Sonar. De Nederlanners sile dêr oars nooit mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)