Besuniging: wachtlisten langer

23 sep 2010 - 14:17

Wachtlisten yn 'e jeugdsoarch wurde langer as de provinsjale besunigings trochgean. Dat seit Jeugdhelp Fryslân yn reaksje op 'e oankundige besunigings fan 5,3 miljoen euro yn fjouwer jier tiid. Der moat miskien personiel út en lokaasjes ticht. Direkteur Anthonio hopet dat der ekstra jild fan it ryk, de gemeenten of de soarchfersekerders komt.

De provinsje wol 22,2 miljoen euro besunigje, sa waard tongersdei bekend. Dat treft in soad ynstellings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)