Skea oan Headambrêge
De Headambrêge oer de farwei nei Drachten wurdt foarearst net betsjinne foar de rekreaasjefeart. Der is skea oan 'e brêge. Der binne problemen mei de oandriuwing en om de brêge safolle mooglik te ûntsjen, giet dy allinnich iepen foar de beropsfeart.
Rekreaasjeboaten kinne wol meifarre troch de brêge as dy iepengiet foar de beropsfeart.