Fragen oer bûtengebiet Skylge

23 sep 2010 - 11:22
  • Foto: Omrop Fryslân

De VVD-fraksje op Skylge wol mei help fan Twadde Keamerleden wat dwaan oan it bestimmingsplan foar it bûtengebiet op it eilân. Dêr meie nei in útspraak fan de Rie fan Steat in jier lang gjin boufergunnings foar ôfjûn wurde. It bestimmingsplan is net goed boardiele mei it each op 'e natoerbeskermingswet.

De útspraak hat grutte ekonomyske gefolgen foar Skylge, neffens de fraksje. VVD-Keamerleden hawwe dêrom fragen steld oer it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)