Wer oppakt foar himpkwekerij

23 sep 2010 - 10:57
  • Argyf Omrop Fryslân

In 68-jierrige man út Ljouwert is woansdei foar de fjirde kear oanhâlden foar belutsenheid by wurk yn in himpkwekerij. Dizze kear gie it om in kwekerij yn in hûs oan de Johan Winklerwei yn 'e Fryske haadstêd. De plysje kaam dy troch in anonime tip op it spoar. Yn it hûs stiene oer de hûndert planten.

De Ljouwerter sit fêst op it plysjeburo. De himp en de apparatuer binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)