Frou besiket jild te stellen

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan stellerij by in pinautomaat oan it Ruterskertier yn Ljouwert. In frou hie krekt jild út de automaat helle, doe't in 33-jierrige frou út 'e stêd besocht dat jild te stellen. De frou is oanhâlden, mar de plysje is noch op syk nei it slachtoffer.
De plysje hat allinne in ferklearring fan in tsjûge dy't yngriep doe't de fertochte it jild ôfpakke woe. Minsken dy't mear witte oer de saak, kinne harren melde.