Undersyk nei poppe stopset

De Stienwikerwei (foto: Omrop Fryslân)
It ûndersyk nei de fermiste poppe by Wolvegea is stopset. Undersyk fan de plysje kin de melding net befestigje. Begjin septimber kaam in famke út Wolvegea by de plysje mei it ferhaal dat se tusken De Blesse en Wolvegea in libbene baby fûn hie. In ûnbekende frou soe it bern nei de plysje bringe, mar dat is nea bard.
De plysje krige tsientallen tips, mar de poppe is net fûn. It famke bliuwt by har ferhaal. As der nije oanwizings komme, wurdt de saak wer iepene.