Fertrouwen yn FB is grut

22 sep 2010 - 22:55
  • Friesland Bank stiet ynternasjonaal goed bekend

It ynternasjale fertrouwen yn de Friesland Bank is sa goed, dat bûtenlânske belizzers 646,5 miljoen euro yn de bank ynvesteare wolle. Dit is dien troch it útjaan fan obligaasjes dy't fiif jier rinne.

In grut part is kocht troch belizzers út Dútslân, Noarwegen, Finlân, Denemarken, België, Frankryk en Ingelân. Yn dizze tiid fan ekonomyske krisis is dat in goeie prestaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)