Betingst ynvestearring Thialf

It bedriuwslibben moat in protte jild stekke yn it nije iisstadion Thialf. Allinnich dan wol de provinsje der ek jild by dwaan. Fierders moat it nije iisstadion foar in breed publyk tagonklik wurde. De provinsje wol de plannen graach oanfiterje, mar oan de oare kant net tefolle jild útjaan.
De kommende tiid wurde de fjouwer farianten foar it nije Thialf ûndersocht. Mei dy útkomsten wol de provinsje sjen wat it bêste is foar de nije iishal.