Dakpannen dy't lucht filterje

22 sep 2010 - 21:24

Yn de Winsemiusstrjitte yn Minnerstgea wurde op dit stuit miljeufreonlike dakpannen lein op it tal hûzen. Dêrmei hat wenningstichting Wonen Noordwest Friesland de primeur foar hiel Noard Nederlân. It giet om dakpannen dy't skealike stoffen út de lucht filterje kinne. Dat komt troch in spesjale stof dy't yn de dakpanne brûkt wurdt.

De wenningstichting wol by ferbouwingen en renovaasjes in sa'n bewust mooglike kar meitsje foar it materiaal dat brûkt wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)