Frou ferwûne by oanriding

In frou is woansdei oan de ein fan de middei ferwûne rekke by in ûngelok op de dyk tusken Ljouwert en Wurdum. De frou woe de dyk oerstekke, mar se seach dêrby in auto oer de holle. Dy koe in botsing net mear foarkomme.
De oanriding soarge foar in ravaazje op de dyk. In part fan de dyk waard ôfsletten foar it ferkear. Dêrtroch hie it ferkear fanút Ljouwert yn de spits lêst fan file.