SP rekket opnij sit kwyt

22 sep 2010 - 20:53

De SP rekket alwer in sit kwyt yn de Fryske steaten. De opfolger fan SP-steatelid Richard Klerks, Jolanda Rötert fan Kollum, slút har oan by de partij Feriene Lofts. Yn dy partij sitte ek de eardere SP-fraksjefoarsitter Ad van de Kolk en Enno Bruinsma. Rötert fynt dat de SP net goed omgiet mei de eigen minsken.

De iennige sit dy't no noch oer is, wurdt beset troch Jacob van der Hoek. Hy bliuwt seker oant de ferkiezings foar de SP yn de steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)