Koar nei filmfestival Utert

22 sep 2010 - 20:43
  • De dokumintêre oer de Ankers giet freed yn premjêre

Jankfoddekoar Tûzen triennen út Britsum is freed by de premjêre fan de dokumintêre oer de advokatebruorren Anker en Anker. De film is dit wykein foar it earst te sjen op it Nederlânsk filmfestival yn Utert. It koar is frege om it publyk by it binnenkommen te fermeitsjen mei Fryske lieten. Earder hat it koar opnames makke dy't brûkt wurde yn de film.

Yn novimber is de dokumintêre op tillevyzje te sjen by de NCRV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)