Man yn rolstoel rêden

22 sep 2010 - 19:06

Omstanners en helpferlieners hawwe woansdeitemiddei it libben rêden fan in ynvalide man. De man rekke mei syn elektryske rolstoel troch noch ûnbekende oarsaak neist it fytspaad tusken Wommels en Burchwert. Dêrby kaam hy yn de sleat telâne. Omstanners seagen it gebeuren, sprongen yn it wetter en hawwe de holle fan de man boppe wetter hâlden.

Helptsjinsten ha de man út it wetter helle. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs fan Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)