Man stekt in oare mes yn holle

22 sep 2010 - 17:09

In man (23) út Drachten is tiisdei oanhâlden. Hy hie in oare man yn de holle stutsen mei in mes. De twa hiene rúzje op it Noorderend.

It slachtoffer (23) rekke net slim ferwûne en koe nei in kontrôle yn it sikehûs wer nei hûs. De fertochte stie noch by him doe't de plysje deroan kaam. Dy hat de fertochte oanhâlden. Hy sit fêst. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)