Man neaken op rûnwei Snits

22 sep 2010 - 17:03

In man (38) út It Hearrenfean is tiisdei neaken de rûnwei fan Snits opdraafd. De man dy't yn de war wie, hie op de rûnwei by de ôfslach nei it sintrum in ûngelok feroarsake. Hy kaam út de auto en stapte mei klean en al yn in sleat. De man die syn klean út en stuts neaken de dyk oer. Omstanners dy't him keare woene, krigen klappen.

De omstanners koene de man úteinlik oanhâlde. Hy is nei it sikehûs brocht. It ferkear rûn fertraging op om't de rûnwei ticht moast foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)