Strân by Harns is goed skjin

22 sep 2010 - 11:11

Harns hat it op fiif nei skjinste strân fan Nederlân. Dat hat de ANWB woansdei bekend makke. Neffens de organisaasje is it Harnzer strân 'zeer schoon'. Ferline jier wie it strân dat ek al.

De ANWB hâldt alle jierren de ferkiezing 'Schoonste Strand van Nederland'. It ynspektearret dêrby hast 100 strannen yn Nederlân. It skjinste strân leit yn Noord-Beveland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)