Sven Kramer rydt selektyf

Sven Kramer rydt dit jier minder wedstriden as ferline seizoen. De kâns bestiet dat er op de earste grutte wedstryd fan it seizoen, it NK ôfstannen, hielendal net yn aksje komt. Mooglik rydt er dêr inkeld de fiif kilometer. Dat seit ien fan syn coaches Geert Kuiper.
Watfoar wedstriden der krekt op it programma komme, moat yn de kommende wiken dúdlik wurde. Sven Kramer docht wol mei oan de grutte wedstriden as it NK, EK, WK allround en WK ôfstannen.