Minsken by provinsje derút

By de provinsje Fryslân moatte der 60 oant 70 minsken út. It giet om minsken dy't op koarte termyn mei pensjoen geane of in oare baan ha. De provinsje moat besunigje en hopet dit mei it natuerlike ferrin fan syn wurknimmers op te fangen.
Der wurkje op dit stuit in lytse 850 minsken op it provinsjehûs. Dêr moatte de kommende jierren sa'n 600 fan oerbliuwe. Wannear't der mear minsken út moatte, is noch net bekend.