Part Wâldwei nachts ôfsletten

22 sep 2010 - 10:11

De Wâldwei is freed- en sneontenacht foar in part ôfsletten. It giet om it stik tusken de Werpsterhoeke en Hemriksein, by de ôfslach Wergea en Ljouwert East. Rykswettersteat wurket beide nachten fan 20.00 oere jûns oan 8.00 oere moarns oan de dyk.

It ferkear wurdt omlaat troch Ljouwert fia de Drachtsterwei, de Aldlânsdyk en de Oeriselsewei. Giele buorden jouwe de rûtes oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)